Utstalling oer profronde

28 apr 2006 - 14:37

Yn Surhústerfean komt in útstalling oer de profronde fan Surhústerfean. Dy bestiet dit jier 25 jier. Oanlieding om de ronde te hâlden, wie de winst fan Zoetemelk yn de Tour de France. Yn de rin fan de jierren groeide de hurdfytswedstriid út ta in monumint.

De ekposysje is fan 15 maaie ôf te sjen yn it Munt- en Penningkabinet. De Fryske winners fan it kritearium, Eddy Schurer, Wybren Veenstra en Pieter Weening, iepenje de útstalling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)