Iepenloftspul oer film Fanfare

© Omrop Fryslân
Teater Snits komt yn maaie en juny mei in iepenloftspul dat basearre is op de ferneamde film 'Fanfare' fan Bert Haanstra. It iepenloftspul wurdt holden yn it ramt fan 550 jier stedsrjochten Snits. Rimko en Jurre Haanstra - de soannen fan Bert Haanstra - ha it script en de muzyk skreaun foar it iepenloftspul.
Bouke Oldenhof hat it script oerset yn it Frysk. Fanfarekorps 'De Harmonie' fersoarget de muzyk yn it stik.