Eigen begelieder foar sporters

28 apr 2006 - 13:57

Fryske topsporters dy't les krije op it Friesland College yn Ljouwert, kinne tenei gebrûk meitsje fan in persoanlik begelieder. It Friesland College en Topsport Steunpunt Noord Nederland ha dêroer in akkoart sletten. It wurdt foar de sporters ek makliker om frij te krijen fan skoalle foar wedstriden of in treningskamp.

Allinnich studinten dy't op heech nivo sporte, kinne fan deze mooglikheden gebrûk meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)