Netwurk foar handikapte âlders

© Omrop Fryslân
It foar handikapte âlders makliker meitsjen om harren bern grut te bringen. Dat is wat in gearwurking fan seis soarch-ynstellings opsmite moat. Goed 70 prosint fan de âlden mei in ferstanlike handikap slagget der net yn om goed foar har bern te soargjen.
It nije netwurk mei de namme Opvoeden enzo moat dat persintaasje lytser meitsjen. De oerienkomst is ûnder oare troch Mee Friesland, Kraamzorg Friesland en Interzorg ûndertekene.