Frieze ride 'faak' mei slokje op

27 apr 2006 - 20:10

Mei de Limburgers sitte de Friezen it measte fan alle Nederlanners mei drank op achter it stjoer. Dat docht bliken út de lanlike alkoholkontrôles dy't geregeld hâlden wurde. De ôfrûne wike wie der wer sa'n kontrôle. De persoan dy't it measte dronken hie, waard yn Fryslân oanhâlden.

Lanlik leit it trochsneed tal bestjoerders mei drank op krekt boppe de ien persint. Yn Fryslân is dat mear as trije persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)