Grinzer jonges stiften heidebrân

27 apr 2006 - 20:10

De heidebrân yn it Fochtelderfean is it wurk fan twa jonges fan 12 en 13 jier út Grins. It giet om learlingen fan it Zernike kolleezje. De skoalle wie mei tweintich bern yn it gebiet yn ferbân mei in aktiviteitewike.

De jonges seagen kâns om in fjoerke te stoken, dat folslein út 'e hân rûn. Meiinoar is in bunder natuergebiet ôfbaarnd. Omdat der net folle wetter is, moast de brânwacht it wetter mei jarretanks oanfiere litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)