Grutte brân yn Fochtelderfean

27 apr 2006 - 14:39

Fryske brânwachten ha woansdeitejûn meiholpen om in grutte brân yn natuergebiet it Fochtelderfean te dwêsten. De brân wie oan de Drintse kant, tichtbij Feanhuzen. De earste melding kaam om 8 oere hinne, mar moast al gau opskaald wurde oant in grutte brân.

Inkelde bunders heide en bosk by de âlde sjitbaan stiene yn 'e brân. De ynset fan korpsen út de wide omkriten wie nedich om it fjoer út te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)