Alde Feanen no Nasjonaal Park

© Omrop Fryslân
De Alde Feanen hat offisjeel de status fan Nasjonaal Park. Minister Veerman fan Lânbou en Natuer hat dy status woansdei offisjeel oan it natuergebiet takend. It nasjonaal park is sa'n 4000 hektare grut en bestiet út marren, reidfjilden en moerassen. Der libje mear as hûndert ferskillende fûgels.
Ferskate partijen sille it nasjonaal park beheare. It Fryske Gea is dêr ien fan. Yn Earnewald wurdt op termyn ek in besikerssintrum Alde Feanen iepene.