15% groei toerisme yn Fryslân

27 apr 2006 - 10:36

De promoasje kampanje Beleef Friesland soarget foar in groei fan it toerisme yn Fryslân fan 15% oant 2010. Dat seit Fryslân Marketing; de marketing en promoasjeorganisaasje bedoeld om toeristen nei Fryslân te lûken.

Spearpunten binne de wettersport en de Fryske kultuer en natuur. Sintraal stiet de ynternetside www.beleeffriesland.nl. Kommende moannen rjochtet Fryslân Marketing har aktiviteiten ekstra op de Dútske merk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)