Untsnapte damherten wer nei hûs

26 apr 2006 - 19:36

Twa damherten dy't koartlyn ûntsnapt binne út in hertekampke yn Gruttegast binne, rinne no yn in partikulier natoergebiet earne yn Fryslân. Dat hat in wurdfierder fan de provinsje Grinslân bekendmakke.

De gemeente Gruttegast woe de bisten ôfsjitte, mar yn oerlis is besletten om se te ferdôvjen en te ferhúzjen nei Fryslân. In tredde damhert rekke yn panyk en is letter ôfsketten. Uteinlik binne acht damherten ûntsnapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)