Noarden hoecht net te beteljen

© Omrop Fryslân
It Noarden hoecht it Ryk net 1 miljard euro te beteljen om oanspraak te meitsjen op it jild foar it Sudersee- spoar. Dat sei ferkearsminister Peijs woansdei yn de Twadde Keamer.
De Noardelike provinsjes ha earder it kabinet in bedrach fan 1 miljard euro tasein as der in flugge ferbining tusken it Noarden en de Rânestêd komme soe. It Suderseespoar komt der net. De 2,7 miljard euro foar it projekt wurdt no bestege oan regionale projekten.