Gemeente nimt miljeumaatregels

26 apr 2006 - 15:42

Kollumerlân sil yn syn gebouwen mear maatregels nimme dy't goed binne foar it miljeu. Yn opdracht fan B en W is ûndersyk dien nei miljeubesparrings. Yn it gemeentehûs soene kompjûters nei in wurkdei faker útset wurde kinne.

Troch de ferljochtingsynstallaasje en it klimaat-behearskingssysteem better ôf te stellen kin ek op enerzjykosten besparre wurde. Alle maatregels dy't nommen wurde kinne, binne opskreaun yn in hânboek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)