ONS wint fan SVZW

26 apr 2006 - 13:38

Haadklassekampioen ONS Snits hat tiisdeitejûn de sportive plicht dien troch mei 2-1 te winnen fan degradaasjekandidaat SVZW. Ton Haarman makke yn de earste helte de twa goals foar de Snitsers. Pas yn blessueretiid die de swak spyljende ploech út Wierden wat werom.

De winst fan ONS is goed foar it tsjin degradaasje spyljende Drachtster Boys. Sy hâlde oansluting by in grutte groep dy't útmeitsje moat wa't degradearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)