Vandenbussche nei reade duvels

© Omrop Fryslân
Brian Vandenbussche is opnommen yn de foarseleksje fan it Belgyske nasjonale alvetal foar de wedstriid tsjin Saoedy Arabië. De goeie foarm dêr't de doelman yn stekt is ek de Belgyske bûnscoach Rene Vandereycken net ûntgien. De oefenwedstriid tsjin Saoedie Arabië wurdt spile yn Sittard.
Dêrnei sil Vanderycken in fêste groep gearstalle dy't besykje moat kwalifikaasje ôf te twingen foar it EK yn 2008. België is net op it WK.