Meiprate oer jûnsflechten

© Omrop Fryslân
Alle doarpen dy't oerlêst hawwe fan de fleanbasis Ljouwert meie meiprate oer de jûnsflechten. Dêrfoar wurdt in enkête hâlden ûnder Pleatslik Belang fan alle doarpen en Ljouwerter wiken dêr't wolris ûdsoerlêstklachten weikomme.
Der binne ferskate mooglikheden, lykas fjouwer jûnen mei in soad flechten en dan 14 dagen neat of om 'e pear dagen ien jûnsflecht. Definsje seit net op foarhân ta de útkomsten oer te nimmen.