Amelanners tsjin nije toer

© Omrop Fryslân
In soad Amelanners binne tsjin in twadde toer op it eilân njonken de fjoertoer yn Hollum. Yn it nije kennis- en ynnovaasjesintrum oan de Strânwei yn Nes is in 30 meter hege útsjochpost opnaam. Dêrwei kin de Waadsee en de Noardsee goed besjoen wurde. De toer falt net goed by de eigner fan it appartemintekompleks Ostrea, dat der útsicht op krijt. De útsjochpost soe net passe yn it lânskip.