Cambuur - Hearrenfean útsteld

© Omrop Fryslân
Cambuur en Hearrenfean hawwe yn goed oerlis besletten de oefenwedstriid dy't foar 20 maaie op 'e aginda stie út te stellen. De wichtichste reden hjirfoar is dat beide klubs muoite hawwe in representatyf alvetal op te stllen, omdat it fakânsjetiid is foar de fuotballers.
Yn 'e winterstop kaam it foarstel fan foarsitter Riemer van der Velde om in oefenwedstriid te spyljen, wêrfan de opbringst nei Cambuur giet.