Fiskers: brânstofprizen te heech

25 apr 2006 - 10:16

In part fan de 40 oant 50 fiskersskippen yn de haven fan Harns bliuwt nije wike oan de wâl, omdat se de brânstof net mear betelje kinne. Dat ferwachtet de produsinten organisaasje foar de fiskerij. Dit wykein is de priis fan in liter gasoalje ferhege nei sawat 45 sinten.

De prizen foar fisk op it stuit relatyf heech, mar dat is net genôch om de fiskerij by dizze branstofprizen rendabel te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)