Fryske "Van Dale" foar bern

24 apr 2006 - 17:34

Freed ferskynt it earste wurdboek foar lytse bern yn it Frysk. 'Myn earste Fryske Van Dale' is in foarlêswurdboek foarn bern fan twa jier en âlder mei ferskes, printsjes en fansels wurden. De oarspronklike Nederlânske edysje kaam in jier lyn út.

Berneboekeskriuwer Mindert Wijnstra hat foar de Fryske bewurking soarge. Kommissaris fan de keninginne Nijpels sil it earste eksimplaar fan it Fryske wurdboek foar bern yn ûntfangst nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)