Ynbrekkers Drachten pakt

24 apr 2006 - 13:57

De plysje hat sneontenacht twa manlju oppakt dy't ynbrutsen ha yn in skoalle yn Drachten. De ynbraak is pleegd yn in skoalle oan de Hânwurkersside. In tsjûge hat de plysje ynskeakele en dy koe letter twa fertochten oanhâlde op it Swin. It giet om in 18- en in 20 jierrige ynwenner út Drachten.

By ien fertochte is stellen guod oantroffen, in byldskerm en in systeemkast. De beide binne opsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)