Kofje Lawei yn it foar betelje

© Omrop Fryslân
Besikers fan in foarstelling yn De Lawei yn Drachten moatte tenei yn it foar betelje foar harren drankje. Sa wol de skouboarch lange wachttiden yn it skoft foarkomme. De konsumpsjes wurde klearsetten, sadat it publyk dy sels pakke kin. As der gjin skoft is steane de drankjes nei ôfrin fan de foarstelling klear.
In konsumpsje kostet 1 euro 90 en dat bedrach wurdt tagelyk mei de keap fan it kaartsje ferrekkene.