Arumer snackbar yn 'e brân

© Omrop Fryslân
By in brân yn snackbar De Skil yn Arum is sneon grut materieel ynset. Om healwei tsienen jûns kaam de melding binnen fan de brân oan de Sytzamawei yn it doarp. Der binne twa tankautospuiten hinne gien en de heechwurker fan Boalsert is ynset.
De Sytzamawei yn Arum hat ôfset west. De brânwacht is oant 1 oere nachts dwaande west mei it blussen. Oer de oarsaak is noch neat bekend, der is in ûndersyk ynsteld.