Aksje brânwacht foar mear leden

© Omrop Fryslân
By de brânwachtkazerne yn Wolvegea is sneon in aksje begûn om mear leden te krijen. Der binne op dit stuit te min minsken foar de Intergemeentelijke Brandweer Oost- en Weststellingwerf.
Yn Wolvegea, Aldeberkeap, Appelskea, Noardwâlde, Haulerwyk, Scherpenzeel en Easterwâlde is in oantal funksjes beskikber. Dat komt trochdat guon brânwachtminsken ferhuze binne of ophâlden binne mei it wurk. Der waard ûnder mear in webside lanseard.