Legionella fûn by GGZ Frjentsjer

23 apr 2006 - 14:39

Der is legionella fûn op in ôfdieling fan de GGZ yn Frjentsjer. De GGZ hat dat bekendmakke. It giet om de ôfdieling Westerpoort, dêr't âldere psychiatryske pasjinten wenje.

It is no noch net bekend om watfoar fariant fan de legionella-baktearje it giet. Dat wurdt noch ûndersocht en moandei moat der mear dúdlikheid wêze. De GGZ hat yntusken maatregels nommen. Liedingen wurde trochspield en de bewenners meie op it stuit net dûse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)