Debút fan Sije en Trianka

22 apr 2006 - 16:48

It Fryske duo Sije en Trianka hat freedtejûn in súkselfol debút makke op it Megapiratefestijn by it Grinslanner Mearum. Foar it earst songen de twa foar in grut publyk, sawat fiiftûzen man.

Ferline jier stie it duo út Surhústerfean en Kollummersweach sels noch tusken it publyk. Mar harren karriêre sit yn 'e lift, sûnt harren single hieltyd faker op de pirateradio De Stille Genieter draaid wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)