Lions helpe nije Nederlanners

© Omrop Fryslân
De Lionsclubs Noard-Nederlân prate sneon op in gearkomste yn Drachten oer nije Nederlanners. Bûtenlanners dy't hjir komme te wenjen, komme wol gauris foar problemen te stean. De Lions wolle dêr wat oan dwaan, mei ûnder oare in tal workshops.
Doel fan de dei is pleatslike clubs ta aksje oan te setten. De problemen binne diels op te lossen gewoane boargers. Dat kin troch te harkjen, in advys, in brief of in telefoantsje.