Bûtenboardmotoaren stellen

© Omrop Fryslân
Op camping Klein Zwitserland by Sumar binne fiif bûtenboardmotoaren stellen. Se stiene yn in ôfsletten kontener by de jachthaven oan de Burgumermar. It giet om ien koarte en fjouwer lange motoaren. De stellerij wie tusken tongersdeitemiddei en freedtemoarn.
Ek yn Langelille is in bûtenboardmotor stellen, mar mei karren. Ut dy kontener mist fierders noch in sitmeanmasine. Dy ynbraak wie tusken woansdeitemiddei en freedtemoarn.