Piratefeest ferhuze nei Grinslân

© Omrop Fryslân
It Mega-Piratefestijn giet ferlern foar Achtkarspelen en bliuwt de nije lokaasje by Mearum yn Grinslân brûken. It muzykfestival mei ferneamde Nederlânsktalige artysten waard de ôfrûne jierren hieltyd by Surhústerfean organisearre.
Om't der no op dy lokaasje boud wurdt, moast de organisaasje in oar plak sykje. Freedtejûn wurde der krekt oer de grins fan Fryslân hinne 5000 minsken ferwachte yn in grutte tinte.