'Bananerepublyk troch Verdonk'

© Omrop Fryslân
Minister Verdonk makket de VVD ta in bananerepublyk as se op dizze wize fierder giet mei kampanjefieren foar it listlûkersskip fan de partij. Dat fynt kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels.
De âld-VVD-oanfierder is net bliid mei de wize wêrop Verdonk op it stuit omgiet mei har tsjinstanner Rutte. Neffens Nijpels soarget Verdonk foar in soad ûnderling wantrouwen. Ek hat Verdonk te krijen mei in imagoprobleem.