Bestriding wurkleazens ûnderwiis

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt ekstra jild fan it ministearje fan Underwiis om de wurkleazens ûnder leararen op basisskoallen te bestriden. Yn Fryslân sitte relatyf in soad ôfstudearre PABO-studinten sûnder wurk.
Skoallen kinne in subsydzje fan 35.000 euro it skoaljier krije as se in wurkleaze ûnderwizer yn tsjinst nimme. It ministearje stelt mei inoar 29 miljoen euro beskikber foar bestriding fan wurkleazens ûnder leararen.