Cambuur: Ljouwert springt net by

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert springt net by as Cambuur fallyt giet, seit wethâlder Hafkamp. De fuotbalferiening hat surséânse fan beteljen oanfrege omdat in pear skuldeaskers wegerje akkoart te gean mei de ôfhânneling fan de skuld.
Der stiet noch in bedrach fan 80.000 euro iepen. Neffens wethâlder Hafkamp leit de bal net mear by de gemeente, mar by de groep Sleifer en Riedstra, de saneamde Groep fan Fjouwer.