Skoalle Aldwâld bliuwt iepen

21 apr 2006 - 15:31

De Van Heemstraskoalle yn Aldwâld bliuwt de kommende jierren gewoan iepen. De skoalle ferliest wol syn selsstannigens, en wurdt in dependânse fan de Professor Casimirskoalle yn Kollum. Dat hat de gemeenteried fan Kollumerlân besletten.

De oerkoepeljende stifting Roobol krijt minder jild fan it Ryk troch in weromrinnend tal learlingen yn it gebiet. Roobol moat dêrom werom fan 13 nei 12 basisskoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)