Gearwurking tsjin Saailân-plan

21 apr 2006 - 13:15

Fjouwer opposysjepartijen yn de gemeenteried fan Ljouwert bondelje har krêften tsjin it projekt 'Nij Saailân' yn de stêd. ChristenUnie, FNP, NLP en SP sille yn de oanrin nei it referindum mienskiplik optrede om har stânpunt dúdlik te meitsjen.

Alle fjouwer partijen binne tsjin de Nij Saailân-plannen en advisearje de ynwenners fan Ljouwert om 'nee' te stimmen by it referindum dat op 24 maaie ûnder Ljouwerters hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)