Tsjûgen socht fan ûngelok Snits

21 apr 2006 - 11:29

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok ôfrûne moandei yn Snits. Dêrby rekke in 20-jierrige man út Alkmaar ferwûne. De oanriding barde op de Prins Hendrikkade by de krusing mei de Muntstrjitte.

It slachtoffer siet op 'e fyts en waard oanriden troch twa manlju op in bromfyts. Twa minsken ha it ûngelok sjoen. Sy ha ek noch mei it slachtoffer praten. De plysje wol mei har yn kontakt komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)