Gearkomsten oer beheinen regels

21 apr 2006 - 11:21

De gemeente Snits hâldt twa diskusje- byienkomsten oer it beheinen fan de regeljouwing. De earste, nije wike moandei, is bedoeld foar de hoareka. De twadde, op 8 maaie, is foar de 'Vereniging Sneker Zakenlieden' en 'Handel en Industrie Sneek'.

De gemeente wol it tal regels sa folle mooglik beheine. Elk kin dêrfoar ideeën yntsjinje. Wa't it leukste foarbyld hat fan folslein oerstallige of tsjinstelde regels, krijt in priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)