Mooglik nij planburo yn Noarden

© Omrop Fryslân
De trije Noardlike provinsjes krije mooglik in eigen planburo. Oer de komst fan sa'n planburo foar it Noarden wurdt op it stuit drok ûnderhannele.
Dat waard tongersdeitejûn bekend makke op in gearkomste foar âld-studinten fan de Ryksuniversiteit Grins by de Friesland Bank yn Ljouwert. It nije planburo krijt de namme Noordwijzer. Doel is om kennis te bondeljen en te fersprieden oer de dielnimmers.