Himpplantaazje fûn yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn in wenning oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert in himpplantaazje oprôle. Yn it hûs trof de plysje 350 planten oan. De plysje hie in tip krigen oer de himpplantaazje.
Trije keamers stiene fol mei himpplanten. De planten en de apparatuer binne ferneatige. De elektrisiteit waard yllegaal ôftape. De bewenner (27) wie op it stuit fan de ynfal net oanwêzich.