Minder wurkleazen yn Fryslân

21 apr 2006 - 09:47

Yn Fryslân binne op dit stuit 29.655 minsken wurkleas. Dat binne der 5,7% minder as in jier lyn. It wurkleazenspersintaazje yn Fryslân komt der mei út op 10,5%. Dat is noch wol heger as it lanlik gemiddelde fan 8,9 %.

Al sûnt jannewarris 2005 is der sprake fan in daling fan de wurkleazens yn it noarden. De ôfname komt sa goed as hielendal foar rekken fan de manlike wurkleazen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)