Blauw Wyt kompleks gau te lyts

© Omrop Fryslân
It nije sportkompleks fan fuotbalclub Blauw Wyt yn Ljouwert is oer twa jier al wêr te lyts. Dat liet foarsitter Schuitema tongersdei by de iepening witte. De fuotbalclub groeit sa hurd dat der yn 2008 gjin plak is foar alle teams.
Schuitema wol besjen oft der mooglikheden binne foar it oanlizzen fan in 7e fjild by it kompleks oan de Drachtsterwei. Oars moat de Ljouwerter club tinken gean oan in ledestop.