'Jild Suderseeline nei Noarden'
It Noarden krijt de 2,7 miljard euro dy't reservearre wie foar de Suderseeline. Hoewol't de flugge ferbining tusken de Rânestêd en it Noarden net oanlein wurdt, hâlde de Noardlike provinsjes rjocht op it jild.
Dat sei premier Balkenende woansdei by syn besite oan Ljouwert. Balkenende hat ek tasein noch dit jier wat oan de keapkracht te dwaan en ek om de beurs fan de minima te tinken.