Dútser ferdronken by Starum
Yn it wetter by it Suderstrân by Starum is sneontemoarn it lichem fûn fan in 46-jierrige man út it Dútske Essen. Nei alle gedachten is de man freedtenacht fan syn boat fallen en ferdronken.
In 46-jierrige plakgenoat hat de plysje belle. Dy giet út fan in ûngelok.