Feyenoord by Dokkumer jubileum

20 apr 2006 - 14:41

Fuotbalferieniging Dokkum bestiet 80 jier en fiert dat woansdei mei in besite fan Feyenoord. De Rotterdammers binne mei in delegaazje ôfreizige nei Dokkum. Ald-fuotballer Ben Wijnstekers jout clinics en training oan de jeugd.

Dêrneist spylje twa alvetallen fan Dokkum in wedstriid tsjin in alvetal fan de jeugd fan Feyenoord. Direkteur Woerts fan Feyenoord is woansdeitejûn oanwêzich om fragen fan Dokkumers te beantwurdzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)