Weening 24ste yn Waalse Pijl

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is 24ste wurden yn de klassiker de Waalse Pijl. Hy einige mei 34 sekonden achterstân op winner Alegandro Valverde. De wedstryd waard beslist yn de lêste kilometer.
By de beklimming fan de Muur fan Huy naaide Valverde út. Nederlanner Karsten Kroon koe goed bybliuwe, mar Valverda wûn yn de sprint. Weening spile gjin rol fan betsjutting yn it lêst fan dizze klassiker.