Frou (80) ferwûne by oanriding

© Omrop Fryslân
In 80-jierrige ynwenster fan Ried is woansdei ferwûne rekke by in oanriding op de krusing tusken de Spoardyk en de Sudergoawei by Warkum. De auto dêr't de frou yn siet krige gjin foarrang fan in 24-jierrige Warkumer.
Nei de oanriding botste de Warkumer tsjin in auto oan dy't oan de oare kant fan de dyk wachte. Dy waard dêrtroch tsjin in auto dêrneist treaun. De 80-jierrige frou is mei boarstklachten nei it sikehûs brocht.