Krisisgearkomste PvdA Menaam

© Omrop Fryslân
De leden fan de Partij fan de Arbeid yn Menameradiel kinne har net fine yn it kolleezje-akkoart. Dat waard woansdeitejûn dúdlik by in partij-byienkomst yn Deinum. It is op it stuit krisis by de partij.
Listlûker Hans Flaman stapte ferline wike op om't er gjin wethâlder waard. De twa wethâldersposten yn de gemeente giene nei GrienLinks en de FNP. En dat wylst de PvdA ek yn Menameradiel by de ferkiezings de grutte winner wie.