Oanhâlding foar brân Hearrenfean

20 apr 2006 - 12:24

In 18-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is woansdeitemiddei oanhâlden foar it yn brân stekken fan in loads oan de Koarnbeursleane op It Hearrenfean. Dat barde oardel wike ferlyn.

It gebou baarnde folslein út. Dêrby kaam ek asbest frij. De jonge hat yntusken bekend dat er de brân oanstutsen hat. Oer syn motyf is noch neat dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)