Man bedrige yn Ljouwert

20 apr 2006 - 10:44

De plysje hat in 22-jierrige Ljouwerter oppakt foar bedriging. De man soe in plakgenoat mei in pistoal bedrige ha. De barde tiisdei by in fjochtpartij oan de Sudergrêftswâl. Tsjûgen sizze dat de fertochte in 26-jierrige man út Ljouwert bedrige en in biljertbal nei him ta smiet.

Doe't de plysje deroan kaam, wie it wer rêstich. It slachtoffer waard dy middei opnij bedrige. De plysje koe de fertochte jûns oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)