Keapjûn by Kringloop nei brân

© Omrop Fryslân
Minsken dy't troffen binne troch de brân yn it azc yn Drachten meie fergees komme te winkeljen by de Kringloopwinkel. De winkel yn Drachten sil spesjaal foar dizze minsken in kear ekstra iepen.
In goeie wike lyn gie ien fan de gebouen dêr yn flammen op. Der rekken gjin minsken ferwûne, mar tsientallen bewenners rekken harren besit of in part dêrfan kwyt. Guod dat se ferlern binne, kinne se dan wer útsykje.