Fûgels út foljêre loslitten

© Omrop Fryslân
Ynbrekkers hawwe op de Gerdyk fûgels út in foljêre ûntkomme litten. By in wenning oan de Watse Eelkesstrjitte ha se de doar fan de volière iepen setten. Dat is nei alle gedachten yn de nacht fan moandei op tiisdei bard.
De dieders hawwe ek noch ark út in hok stellen dat se iepenbrutsen hiene. Hoefolle fûgels der ûntkaam binne is net bekind. De technyske resjerzje sil noch spoarenûndersyk dwaan.