Reklameskiep rinne twangsom op

© Omrop Fryslân
De reklameskiep fan it bedriuw hotels.nl bliuwe gewoan by de rotonde fan De Jouwer rinnen, ek al rint it bedriuw in twangsom op. Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân hat de eigners in twangsom oplein fan 500 euro deis at de bisten net úterlik moandei ferlost binne fan de reklame.
De gemeente fynt dat de reklameskiep yn striid binne mei it reklamebelied yn syn gemeente. Dat stiet reklame-útings neist de autodyk net ta.